Twadde luitenant

In twadde luitenant is in subalterne ofsier fan middelhege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by de lânmacht, de loftmacht, de maresjesee en de mariniers. De ekwivalinte rang by de marine is luitenant-op-see 3e klasse. Yn guon lannen is de ekwivalinte rang fan twadde luitenant by de loftmacht piloat-ofsier. De oansprektitel fan in twadde luitenant is "luitenant". De boppelizzende rang is earste luitenant, en de ûnderlizzende rang is faandrich. Dêrmei is twadde luitenant ien fan 'e middelste subalterne ofsiersrangen.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search